Flagge fan Aldehaske
Appearance
De flagge fan Aldehaske is de flagge fan it doarp Aldehaske, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa horizontale banen wyt-grien, 3 kear weagjend oan mekoar sluten, de wite baan yn de broektop belein mei in springende reade hazze.
De kleuren komme út it wapen fan Aldehaske.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade hazze: ferwiist nei de plaknamme Aldehaske, fanwegen "haske".
- Twadieling: symboal foar de Jousterwei dy't troch it doarp rint.
- Grien fjild: ferwiist nei de boskige omkriten fan it doarp.