Fiskersmonumint Moddergat
Appearance
It Fiskersmonumint Moddergat is in út basaltblokken oplutsen mitsele monumint op de seedyk by Peazens-Moddergat as neitins oan de ramp dy't barde yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883, doe't de fiskersfleat fan it twillingdoarp yn in swiere stoarm fergie.
Unthulling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienfâldige graniten tinkteken waard op 6 maart 1958 troch de Fryske kommissaris fan de Keninginne mr. H.P. Linthorst Homan ûnthuld. By de ûnthulling giselden stoarmfleagen en heilbuoien de mannichte en wie de loft boppe see griis en bartsk. De tekst op de stien is gearstald troch Douwe Tamminga.
Tekst monumint |
---|
A.D. 1883 stieken fan dit plak 109 fiskers mei 22 skippen yn sé. Yn in swiere stoarm binne 83 man en 17 skippen bleaun. As de dea it skip berint, Dan is der gjin ûntkommen. O wetter, o wif elemint! De sé hat jown, hat nommen. 1883 - 6 maert – 1958 |