Koweblomke
koweblomke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Bellis perennis | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
It koweblomke (Bellis perennis) is in lytse oerbliuwende plant dy't maksimaal 15 sintimeter heech wurdt. De blêden steane allegear yn in woartelrozet en binne spatelfoarmich. De bledrâne is kartele. Oan 'e ein fan de blomstâle stiet ien blomke. Dat is maksimaal 2,5 sm grut en bestiet út in hert fan giele buisblommen, mei in krânse fan wite straalblommen. Salang it net friest, kinne se it hiele jier troch bloeie. Koweblomkes wurde ek wol Finneblom, Finneblomke, Fintsjeblom, Lamkeblom, Teeblom, Túnblom of Túntsjeblom neamd.
Koweblomkes wurde ek brûkt foar de siertún. Dit binne kultivars mei grutte blommen.
Fuortplanting en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koweblomkes plantsje harren ûngeslachtlik fuort trochdat yn de oksels fan de blêden sydstâlen ûntstean dy't útgroeie ta in nij rozet. Dy stâltsjes wurde net sa lang, wêrtroch't koweblomkes tichte matten foarmje kinne. De plant plantet him ek mei siedden fuort.
It Koweblomke komt fan oarsprong allinnich foar yn Jeropa en Súdwest-Aazje, mar hat him ek yn oare dielen fan de wrâld ferspriede, lykas Noard- en Súd-Amearika. Yn hiel Jeropa is er algemien. Yn Grut-Brittanje skynt hy efterút gean troch in skimmelynfeksje.
Symboal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koweblomkes hawwe in symboalyske betsjutting. Se jilde as symboal foar keinens en dêrmei gearhingjend foar Maria. Se wurde faak troch bern plukt dy't der dan in keatling fan meitsje.
Ekologyske betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant komt in soad foar yn gerslannen. Benammen op hiemen stean gauris koweblomkes. Eigeners tinke hjir hiel ferskillend oer. Guon fine dat der allinnich mar gers stean mei en bestride se. Oaren genietsje fan it fleurige oansjen dy't it hiem krijt troch al dy blomkes en de wille dy't bern der fan ha. It Koweblomke groeit ek in soad yn berms en yn gerslân, dat dan foar hjoeddeiske begripen wol ekstensyf beheard wurde moat.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plantesoarte
- Hynsteblom (famylje)
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Gibraltar
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Malta
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Syprus
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Irak
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Israel
- Lânseigen floara yn Jordaanje
- Lânseigen floara yn Libanon
- Lânseigen floara yn Palestina
- Lânseigen floara yn Syrje
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn de Azoaren
- Eksoat yn de Falklâneilannen
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen
- Eksoat yn de Kanaryske Eilannen
- Eksoat yn Estlân
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Jeropeesk Ruslân
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Letlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Madeara
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Noarwegen
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Sibearje
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Sint-Pierre en Miquelon
- Eksoat yn Tristan da Cunha
- Eksoat yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Yslân