Springe nei ynhâld

Filipynske See

Ut Wikipedy
Filipynske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje s. fan Japan, e. fan Taiwan en
   de Filipinen, w. fan de
   Karolinen en Marianen
lân Filipinen
Gûam
Japan
Mikroneezje
Noardlike Marianen
Palau
Taiwan
koördinaten 20° N, 130° E
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 2.900 km
maks. breedte 1.500 km
oerflak 5.695.000 km²
djiptegemiddelde 4.108 m
djipste punt 10.540 m
wetterfolume 23.500.000 km³

De Filipynske see is part fan it westlik diel fan de grutte Oseaan en wurdt begrinzge troch de Filipinen en Taiwan yn it westen, Japan yn it noarden, de Marianen yn it easten en Palau yn it suden.

De Filipynske Plaat foarmet de boaiem fan dizze see. Dizze plaat dûkt ûnder de Euraziatyske plaat, wêr't de Filipynske arsjipel troch ûntstien is. Eastlik fan de Filipinen leit tusken dizze twa platen as gefolch hjirfan de Filipinentrôch. Yn dizze trôch lizze inkele fan de djipste plakken op ierde.

Yn 1944 wie de see de lokaasje dêr't in wichtige seeslach plakfûn, de Slach yn de Filipynske see. Dizze seeslach wie yn de Twadde Wrâldkriich tusken Japan en de Feriene Steaten.