Filips Willem fan Oranje-Nassau
Filips Willem fan Oranje-Nassau (Bueren, 19 desimber 1554 - Brussel, 20 febrewaris 1618), prins van Oranje, greve fan Oranje-Nassau, Bueren, Lingen en Leardaam, wie de âldste soan fan Willem fan Oranje, út dy syn earste houlik, mei Anna fan Bueren. Nei't syn heit yn 1567 yn ballingskip yn Dútslân gien wie, waard Filips Willem, doedestiden in studint oan 'e Universiteit fan Leuven, troch de hartoch fan Alva nei Spanje ta stjoerd en dêr yn 'e roomske leare grutbrocht. Hy studearre û.m. oan 'e ferneamde Universiteit fan Alcalá de Henares, en ûntjoech him ta in leard en ferfynd man, yn skril kontrast ta syn jongere healbroer Maurits. Yn 1596 kearde er lang om let werom nei de Nederlannen, dêr't er û.m. yn Breda wenne. Filips Willem tsjinne yn it Spaanske leger en focht ûnder Albertus fan Eastenryk tsjin 'e Frânsen.
Foar it regeljen fan syn heite beërf Filips Willem er mei de ûnwillige Maurits om 'e tafel. Nei in juridysk toulûken dat tsientallen jierren duorre, urf er úteinlik û.m. it prinsdom Oranje (dat in soeverein steatsje wie), de Nassauske besittings yn 'e Spaanske Nederlannen en de Egmontske besittings fan syn mem. Yn 1606 troude er, min ofte mear ûnder druk fan 'e Frânske kening Hindrik IV, mei dy syn omkesizzer Eleönoara fan Bourbon-Condé, mar dat houlik bleau sûnder bern. Filips Willem ferstoar mei 64 jier op ûntlústerjende wize oan in ynfeksje oan 'e anus, feroarsake troch de ôfbrutsen punt fan in klysmaspuit.
- Súdnederlânske adel (foar 1830)
- Prins fan Oranje
- Greve fan Oranje-Nassau
- Greve fan Bueren en Leardaam
- Greve fan Lingen
- Boarchgreve fan Antwerpen
- Baron fan Breda
- Baron fan Dyst
- Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk
- Baron fan Herstal
- Baron fan Iselstein
- Baron fan Kranendonk en Eindhoven
- Nederlânsk ofsier
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk diplomaat
- Nederlânske adel
- Spaansk ofsier
- Spaansk politikus
- Spaansk diplomaat
- Spaanske adel
- Súdnederlânsk persoan yn de Tachtichjierrige Oarloch
- Spaansk persoan yn de Tachtichjierrige Oarloch
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Spaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Spaansk persoan fan Dútsk komôf
- Súdgeldersk persoan
- Hûs Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1554
- Persoan stoarn yn 1618