Filippo Zappata
Appearance
Filippo Zappata (Ancona, 6 july 1894 – Gallarate, 30 augustus 1994) wie in Italjaansk yngenieur en fleantúchûntwerper.
Zappata waard berne yn Ancona. Hy wurke foar Gabardini, Cantieri Riuniti dell'Adriatico (CANT), Blériot, Breda en Agusta. Yn de jierren tritich ûntwurp er in tal súksfolle wetterfleanmasines mei mear as ien motor lykas de CANT Z.501, CANT Z.506 en de middelswiere bommesmiter CANT Z.1007. Zappata syn ûntwerpen makken 15 earste flechten en setten 41 wrâldrekords yn de loftfeart del mei testpiloat Mario Stoppani oan de stjoerstôk. [1]
Yn de jierren fjirtich makke er it ûntwerp foar in grutte fjouwer-motorige passazjiersfleanasine, de Breda-Zappata BZ.308. Hy stoar yn Gallarate yn 1994 yn de âldens fan 100 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|