Fidúsjêr jild

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Fidúsjêr jild is in faluta sûnder yntrinsike wearde, dy't as jild fêststeld is, ornaris troch wetjouwing ynfierd troch in oerheid. De namme komt fan it wurd fidúsje, oftewol fertrouwen (as men it fertrouwen yn dit soarte jild ferliest, is it neat mear wurdich). In foarbyld hjirfan is de euro. Sokke muntienheden binne net beskerme troch it bestean fan in ûnderlizzende wearde yn 'e foarm fan in goudfoarrie dy't eigendom is fan 'e útjaande ynstelling (yn 'e regel in lân).