Springe nei ynhâld

Feyenoord

Ut Wikipedy
Feyenoord
Oprjochte 19 july 1908
Plak Rotterdam
Stadion De Kuip
Kapasiteit 51.577
Foarsitter Toon van Bodegom
Trener Arne Slot
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Feyenoord is in profesjonele fuotbalklup út Rotterdam, oprjochte op 19 july 1908, dy't útkomt yn de Earedifyzje. De klup stiet derom bekend in klup fan it folk te wêzen. De thúsbasis is it Feijenoord Stadion, dat yn de folksmûle De Kuip neamd wurdt. It tenu bestiet tradisjoneel út in read-wyt shirt mei in swarte broek en swarte sokken. Yn Nederlân is de klup mei Ajax en PSV ien fan de trije tradisjonele topklups.

Feyenoord wûn sechtjin kear de lânstitel, trettjin kear de KNVB-beker, ien kear de Jeropakup I, de foarrinner fan de Champions League, twa kear de UEFA Kup en ien kear de wrâldbeker. Dêrmei spilet Feyenoord út histoarysk eachpunt in wichtige rol yn de Nederlânske fuotbalkompetysje. Op de UEFA ranglist fan de bêste klups yn Jeropa stiet Feyenoord as fiifde Nederlânske klup sûnt 2008 op it 80ste plak.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. UEFA Team Ranking 2009

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Feyenoord fan Wikimedia Commons.
 
Earedifyzje seizoen 2021/22

Ajax · AZ · SC Cambuur · Feyenoord · Fortuna Sittard · Go Ahead Eagles · FC Grins · SK It Hearrenfean · Heracles Almelo · N.E.C. · PEC Swol · PSV · RKC Waalwijk · Sparta Rotterdam · FC Utert · Vitesse · Willem II