Springe nei ynhâld

Fermanje fan Hylpen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fermanje (Hylpen))
Fermanje fan Hylpen

De Fermanje fan Hylpen is in tsjerkegebou oan de Tunen yn Hylpen.

De minnistetsjerke fan Hylpen waard yn 1653 boud. Yn dy tiid wie it de grutste minnistetsjerke fan Fryslân. Oarspronklik wie it in twabeukige tsjerke, mar de beuk oan de westside is yn 1838 omfoarme ta kosterij. Wat oerbleau wie in rjochtslute sealtsjerke, dy't yn 1931 oan de Tunen in nije foargevel krige. De yn saaklik-ekspresjonistyske styl foarmjûne foargevel fan readbrune bakstien is symmetrysk yndield. Neist de wat nei foaren springende brede yngongspartij yn it midden sitte twa lytse rjochthoekige finsters. Boppe de yngongspartij binne fjouwer grutte rjochthoekige finsters makke. De twa grutste finsters yn de midden, flankearre troch twa lytsere. Midden yn de geveltop in lytser finster. Op beide hoeken is in liseen makke. Yn de âlde eftergevel binne twa spitsbûgde finsters mei houten roeden en derboppe yn de topgevel is in rûnbôgich finster mei blokjes as dekoraasje lâns de bôge. Top boppe wetterlist, oan de siden flechtingen yn top in pilaster. Blokjes om it topfinster. Twa spitsbôgige finsters mei houten roeden. Yn de tsjerke acht koperen kroantsjes en koperen sânrinner op wandearm.

It tsjerkegebou is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: