Springe nei ynhâld

Ferlosser-Euthimiuskleaster

Ut Wikipedy
Ferlosser-Euthimiuskleaster

Спасо-Евфимиев монастырь

Katedraal, Jehannes de Dopertsjerke en klokketoer
Katedraal, Jehannes de Dopertsjerke en klokketoer
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vladimir
plak Sûzdal
koördinaten 56° 25' N 40° 26' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
boujier Sûnt de 16e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 331520003960006
Webside
Side fan it kleastermuseum
Kaart
Ferlosser-Euthimiuskleaster (Jeropeesk Ruslân)
Ferlosser-Euthimiuskleaster

It Ferlosserkleaster fan 'e hillige Euthimius (Russysk: Спасо-Евфимиев монастырь; transl.: Spaso-Evfimiev monastir) is in otterdoks muontsekleaster yn 'e Russyske stêd Sûzdal yn 'e oblast Vladimir. It kompleks makket diel út fan 'e Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal en falt ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It kleaster waard yn 1352 stfite troch Boris Konstantinovitsj, grutfoarst fan Nizjni Novgorod. Fan 'e oarspronklik houten gebouwen fan it kleaster is neat bewarre bleaun. It tsjintwurdige oansjen fan it kleaster is 16e en 17e iuwsk. De gebouwen kamen benammen ta stân troch grutte jeften fan foarsten en bojaren, lykas grutfoarst Vasili III, tsaar Ivan IV en leden fan it Pozjarski-skaai. By de eastlike muorre fan 'e katedraal leit it grêf fan prins Dmitri Michailovitsj Pozjarski. De moarmeren kapel boppe it grêf waard yn 'e jierren 1930 troch de bolsjewiken sloopt, mar yn 2009 is de kapel wer opboud en op 4 novimber fan dat jier troch presidint Dmitri Medvedev iepene.

Op 7 july 1445 moast der slim fochten wurde oan 'e muorren fan it kleaster tsjin de Kazaanske troepen ûnder lieding fan de prinsen Mahmud en Yakub. De Tataren krigen de oerhân en namen by dy gelegenheid grutfoarst Vassili II finzen. |

Fresko's yn de Transfiguraasjekatedraal.

De belangrykste tsjerke fan it kleaster is de Transfiguraasjekatedraal, dy't oan 'e ein fan 'e 16e iuw boud waard yn 'e tradysje fan d'e âlde arsjitektuer fan Sûzdal. Wichtich binne de fresko's yn 'e katedraal út de lette 16e iuw. Yn 1766 waard it kleaster yn opdracht fan Katarina II ek in finzenis foar politike en religieuze dissidinten.

Yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty krige it kleaster op 16 maaie 1913 besite fan tsaar Nikolaas II mei syn fjouwer dochters.

Ek yn 'e Sovjet-tiid bleau it kleaster in plak, dêr't politike tsjinstanners en foaroansteande geastliken finzen set waarden. Yn 1940 waarden nei de Sovjet-ynvaazje yn Poalen manskippen fan it Tsjechysk Legioen ûnder lieding fan Ludvík Svoboda yn it kleaster ynternearre. Nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it in suveringskamp fan soldaten en ofsiers fan it Reade Leger dy't earder finzen nommen wiene troch de Dútsers. Op 1 jannewaris 1943 waard it kleaster in kamp foar finzennommen Dútsers, lykas Friedrich Paulus. Ek Dútske bûnsgenoaten, lykas Italjanen, Roemenen, Hongaren en Spanjaarden fan 'e Blauwe Divyzje, waarden dêr finzen set. Nei de oarloch wie it kleaster oant 1967 in weropfiedingskamp foar jonge kriminelen.

Sûnt 1968 is it kleaster in museum.

Ofbyld Namme Foltôge yn
Katedraal fan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear. 1594
Poarte- of Ferkundigingtsjerke 17e iuw
Tsjerke fan 'e hillige Nikolaas. 1669
Tsjerke fan 'e Berte fan Jehannes de Doper mei klokketoer. 3e fearn 16e iuw
Untsliepenistsjerke. 16e iuw
Fortifikaasjes. 17e iuw
Hûs fan 'e argimandryt. 17e iuw
Sellen fan 'e muontsen. 17e iuw/18e iuw
De yn 2009 wer opboude tombe fan Dmitri Michailovitsj Pozjarski (yn 'e Sovjet-tiid fernield). 2009

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vysotsky Monastery