Springe nei ynhâld

Ferkundigingskatedraal (Charkov)

Ut Wikipedy
Ferkundigingskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Charkov
plak Charkov
adres pl. Blagovisjtsjenska, 1
koördinaten 49° 59' N 36° 13' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
arsjitekt Michail I. Lovtsov
boujier 1888—1901
boustyl Neobyzantynske arsjiteketuer
Webside
Side fan it bisdom
Kaart
Ferkundigingskatedraal (Oekraïne)
Ferkundigingskatedraal

De Ferkundigingskatedraal is de belangrykste tsjerke fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (foarhinne patriargaat Moskou) yn 'e Oekraynske stêd Charkov. De neobyzantynske tsjerke mei de 80 meter hege klokketoer waard op 2 oktober 1888 foltôge en is boud neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Michail Lovtsov. De tsjerke waard yn 1901 ynwijd, wêrnei't de âlde Ferkundigingstsjerke út it lêst fan 'e 18e iuw ôfbrutsen waard.

Fanwegen it jimmeroan tanimmende tal parochianen waard op 22 novimber 1887 it beslút nommen in nije en gruttere tsjerke te bouwen. It ûntwerp waard levere troch de arsjitekt fan it Technologysk Ynstitút fan Charkov, Michail Lovtsov, dy't ek by de parochy hearde. De kosten fan 'e bou waarden droegen troch in grut tal goederjouwske yndustriëlen en hannelers út Charkov, mar ek út oare stêden. De totale kosten fan it projekt fan 'e bou en it ynrjochtsjen bedroegen 400.000 roebel. Nei't de nijbou yn 1901 foltôge en ynwijd waard, koe de âlde tsjerke ôfbrutsen wurde nei't de belangrykste ikoanen út de âlde tsjerke oerbrocht waarden nei de nijbou.

De foargonger fan de hjoeddeiske katedraal.

De Ferkundigingstsjerke wie ien fan 'e grutste tsjerken fan it Russyske Ryk en joech plak oan 3.500 oant 4.000 minsken. Vasili Ivanovitsj Orlov makke fan wyt karrara-moarmer de nije ikonostaze en de ikoanen waarden troch de keunstners Andrej Ivanovitsj Danilevsky en Michail Dimitrejvitsj Michailov skildere. De muorreskilderings binne fan I.N. Svjatenko út Charkov. Op 3 july 1914 krige de tsjerke de status fan "stedskatedraal".

Tusken 1922 en 1924 moast de Russysk-Otterdokse Tsjerke mei oare otterdokse groepen lykas leden fan de (Libbene Tsjerke) striid leverje, dy't de tsjerke oernimme woene. Ek hie de tsjerke ferskate kearen te krijen mei driging fan sluten, mar tsjin 1925 waard it wer wat rêstich oant op 14 febrewaris 1930 de katedraal dochs noch sletten waard troch in resolúsje fan it Utfierend Komitee. Neffens it dekreet moast de tsjerke tenei foar kulturele oangelegenheden brûkt wurde, mar tsjûgen út dy tiid seine dat de romten allinne brûkt waarden om û.o. oaljeprodukten yn op te slaan foar in benzinestasjon dat dêr boud wie en oant yn 'e jierren 1960 dêr stean bleau.

Krekt as oare tsjerken yn Charkov mocht ek de Ferkundigingskatedraal ûnder de Dútske besetting wer iepene wurde foar de earetsjinst en nei't de Dútsers definityf út de stêd ferdreaun wiene troch it Reade Leger bleau dat sa.

Nei in stoarm yn july 1974 waaide it krús fan 'e toer en yn 1997 baarnde it boppeste diel fan 'e toer ôf, wêrnei't herstel folge. Yn 'e jierren 2007-2008 waard in nij hek om 'e tsjerke hinne boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: