Ferkundigingskatedraal (Charkov)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ferkundigingskatedraal
Blagoveschensky church in Kharkov.jpg
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Kharkiv Oblast.svg Charkov
plak Прапор Харкова.gif Charkov
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1888—1901
arsjitekt Michail Ivanovitsj Lovtsov
boustyl Neobyzantynske arsjiteketuer
webside Side fan it bisdom

De Ferkundigingskatedraal is de belangrykste tsjerke fan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou) yn de Oekraynske stêd Charkov. De neobyzantynske tsjerke mei de 80 meter hege klokketoer waard op 2 oktober 1888 foltôge en is boud neffens ûntwerpen fan de arsjitekt Michail Lovtsov. De tsjerke waard yn 1901 ynwijd, wêrnei't de âlde Ferkundigingstsjerke út it lêst fan de 18e iuw ôfbrutsen waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it jimmeroan tanimmende tal parochianen waard op 22 novimber 1887 it beslút nommen in nije en gruttere tsjerke te bouwen. It ûntwerp waard levere troch de arsjitekt fan it Technologysk Ynstitút fan Charkov, Michail Lovtsov, dy't ek by de parochy hearde. De kosten fan de bou waarden droegen troch in grut tal goederjouwske yndustriëlen en hannelers út Charkov, mar ek út oare stêden. De totale kosten fan it projekt fan de bou en it ynrjochtsjen bedroegen 400.000 roebel. Nei't de nijbou yn 1901 foltôge en ynwijd waard koe de âlde tsjerke ôfbrutsen wurde nei't de belangrykste ikoanen út de âlde tsjerke oerbrocht waarden nei de nijbou.

De foargonger fan de hjoeddeiske katedraal

De Ferkundigingstsjerke wie ien fan de grutste tsjerken fan it Russyske Ryk en joech plak oan 3.500 oant 4.000 minsken. Vasili Ivanovitsj Orlov makke fan wyt karrara-moarmer de nije ikonostaze en de ikoanen waarden troch de keunstners Andrej Ivanovitsj Danilevsky en Michail Дмитриевич» Dimitrejvitsj Michailov en de muorreskilderings troch I.N. Svjatenko (Charkov) skildere. Op 3 july 1914 krige de tsjerke de status fan "Stedskatedraal".

Tusken 1922 en 1924 moast de Russysk-Otterdokse Tsjerke mei oare otterdokse groepen lykas leden fan de (Libbene Tsjerke) striid leverje, dy't de tsjerke oernimme woene. Ek hie de tsjerke ferskate kearen te krijen mei driging fan sluten, mar tsjin 1925 waard it wer wat rêstich oant op 14 febrewaris 1930 de katedraal dochs noch sletten waard troch in resolúsje fan it Utfierend Komitee. Neffens it dekreet moast de tsjerke tenei foar kulturele oangelegenheden brûkt wurde, mar tsjûgen út dy tiid seine dat de romten allinne brûkt waarden om û.o. de oaljeprodukten yn op te slaan foar in benzinestasjon dat dêr boud wie en oant yn de jierren 1960 dêr stean bleau.

Krekt as oare tsjerken yn Charkov mocht ek de Ferkundigingskatedraal ûnder de Dútske besetting wer iepene wurde foar de earetsjinst en nei't de Dútsers definityf út de stêd ferdreaun wiene troch it Reade Leger bleau dat sa.

Nei in stoarm yn july 1974 waaide it krús fan de toer en yn 1997 baarnde it boppeste diel fan de toer ôf, wêrnei't herstel folge. Yn de jierren 2007-2008 waard in nij hek om de tsjerke hinne boud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: