Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug
Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug Vereniging voor Volksvermaken Klaas Mug | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | VvV Klaas Mug | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | sport (keatsen) en doarpsfeest | |
fêstige yn | Rie (Fryslân) | |
oprjochte | 1898 | |
offisjele webside | ||
www.vvvklaasmug.nl |
De Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug (Nederlânsk en offisjeel: Vereniging voor Volksvermaken Klaas Mug) is in organisaasje yn it Fryske doarp Rie. Dizze feriening is de pleatslike keatsklub, mar organisearret dêrnjonken ek elts jier it Riester doarpsfeest. De Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug waard yn 1898 oprjochte, en fierde sadwaande yn 2018 syn 120-jierrich bestean.
Dat waard dien mei in útwreide doarpsfeest fan fjouwer dagen fan freed 6 oant en mei moandei 9 july, mei in optocht fan fersierde prealweinen, fytsen en persoanen, in keatspartij en in merke. Op 'e freedtejûn wie der in optreden fan Rockabilly en Rock 'n Rollband Tess and Her Highway Patrol, en op sneontejûn fersoarge coverband Prime Suspect de muzyk yn 'e feesttinte.
Jubileumboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Henk Sloots, Honderd jaar Klaas Mug; 1898-1998, 1998
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|