Springe nei ynhâld

Feodorovski-katedraal (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Feodorovski-katedraal

Феодоровский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Mirgorodskaja Ulitsa
koördinaten 59° 55' N 30° 22' E
Arsjitektuer
arsjitekt Stepan Samoljovitsj Krisjinski
boujier 1911-1914
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810663000 [1]
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Feodorovski-katedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Feodorovski-katedraal

De Feodorovski-katedraal (Russysk: Феодоровский собор; Feodorovski sobor), ek: de Katedraal fan it Feodorov-ikoan fan de Mem Gods (Собо́р Фео́доровской ико́ны Бо́жией Ма́тери) is in foar in part werboude russysk-otterdokse katedraal yn it sintrum fan Sint-Petersburch. De bou fan 'e katedraal waard beynfloede troch de arsjitektuer fan 17e-iuwske tsjerken fan Rostov.

De katedraal yn 1913.

Yn 1907 waard besletten om de tsjerke yn it ramt fan 'e fiering fan it 300-jierrich jubileum fan it Hûs Romanov te bouwen. Twa jier letter waard in boukommisje stifte mei de yn 1918 troch de bolsjewiken fermoarde gruthartoch Michael Aleksandrovitsj as beskermhear. De Russyske arsjitekt Stepan Samoljovitsj Krisjinski makke it winnende ûntwerp foar de tsjerke, wylst yn it hiele Ryk jild ynsammele waard foar de nije katedraal.

Yn bywêzigens fan de gruthartoch waard yn 1911 de earste stien foar de katedraal lein. It doel wie dat de foltôging gearfalle soe mei it hichtepunt fan 'e jubileumfestiviteiten yn 2013. Dat slagge net hielendal, de boppetsjerke koe net earder as op 15 jannewaris 2014 troch de Metropolyt fan Kiëv ynwijd wurde. Dêrby wiene de keizerlike famylje en in soad oare leden fan 'e keninklike famylje en it regear bywêzich.

Op 1 jannewaris 1918 waard troch de politike feroarings yn it lân de boukommisje fan 'e noch niet hielendal foltôge tsjerke ûntbûn. De tsjerke bleau noch in skoft iepen, mar yn 1932 naam it Presidium fan it Utfierende Komitee fan 'e Regionale Ried it beslút dat de katedraal geskikt wie foar de produksje fan suvelprodukten en sûnder al tefolle ynvestearings foar dat doel oanpast wurde koe. De katedraal waard foar de earetsjinst sletten en al gau dêrnei waarden de religieuze symboalen ferwidere. Stadichoan waard de katedraal mei allegear feroarings en oanbousels ferneatige. Yn 'e jierren 1970 waarden yn it ramt fan in besite fan de Amerikaanske presidint Richard Nixon yn alle hasten de noch jimmeroan besteande tamboeren fan it dak ferwidere, om sa alle skyn wei te nimmen dat it fabryk eartiids in tsjerke west hie.

Nei de fal fan it kommunisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 ferhûze it suvelfabryk nei in oare lokaasje en it gebou waard werom jûn oan it bisdom. Sûnder de offisjele ôfdracht ôf te wachtsjen waard tusken 1993 en 1998 fuort by de katedraal in oan 'e nije martlers en belieders wijde tsjerke boud. It duorre noch oant augustus 2005, doe't it fabryk formeel oerdroegen waard oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Ikonostase

Fan it tsjerkeynterieur wie neat mear oanwêzich en it gebou wie tige brekfallich. De earste faze fan 'e rekonstruksje bestie dêrom út it ferwiderjen fan alle oanbousels en de ferskillende romtes en tuskenflierren yn 'e katedraal. De boppetsjerke wie mei twa betonnen flierren fan in meter dik yn trije ferdjippings ferield.

Sûnt 2008 koe in begjin makke wurde mei de rekonstruksje fan 'e tsjerke en de bou fan tamboeren mei fiif koepels. Tagelyk waard de benedentsjerke skjin en wetterticht makke. Op 15 desimber waard it grutste krús wer op 'e haadkoepel set. By de rekonstruksje fan 'e grutte trep nei de boppetsjerke yn 2009 waarden noch fragminten fan 'e âlde fresko's weromfûn. De daken fan 'e tsjerke en de apsissen krigen nije koperbedekking en yn 2010 waard der wurke oan 'e weropbou fan 'e klokketoer. Op 23 maart 2011 waarden nei it setten fan it fergulde krús op de toer foar it earst wer klokken let, dy't ferneamd waarden nei de leden fan 'e keizerlike famylje.

Yn 'e maaitiid fan 2011 waard ek de oarspronklik yn 1915-1916 boude en yn 'e Sovjet-tiid ferneatige pastorij rekonstruearre.

Op 5 septimber 2013 waard de boppetsjerke troch de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân wijd yn bywêzigens fan 'e boargemaster Velentina Matvienko fan Sint-Petersburch .

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский монастырь (Углич)