Springe nei ynhâld

Fariseeër (drank)

Ut Wikipedy
Fariseeër mei gebak
Pharisäerhof (Noardstrân), hjir soe de oarsprong fan „Pharisäers“ lizze

Fariseeër (Dútsk: Pharisäer) is hjitte kofje mei in snjit rum oerdutsen mei slachrjemme. De waarme alkohoalyske drank is in regionale spesjaliteit fan Noard-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Yn de 19e iuw krige de azetyske dûmny Georg Bleyer, dy't op it Noardfryske eilân Noardstrân stie, te meitsjen mei in gemeente dy't wol ien mocht. Dat wie de dûmny min nei 't sin, dat hy ferbea it drinken fanôf de preekstoel. Dêr't dûmny by wie waard allinne kofje dronken. By de doop fan it sechde of sânde bern fan boer Peter Johannsen [1], woene hja dat net sûnder in slokje fiere, dat der waard in list betocht en men makke boppe neamde drank. De laach slachrjemme moast de alkohollucht markearje. Fansels tocht dûmny dat der gewoane kofje mei slachrjemme dronken waard en hy krige fansels alkoholfrije kofje foarset.

Doe't it selskip frijwat oansketten wie krige dûmny aan fan it bedroch, waard lilk en rôp: "Ihr Pharisäer!" ('jimme Fariseeërs!'), dêr't er mei ferwiisde nei de hypokrisy fan dy geastliken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Net mear mei wissichheid te sizzen. De measte boarnen sprekke fan de doop fan it sânde bern (Helene Patria) op 12 oktober 1872. De doop fan de sechde (Johanna Theodora Katharina) wie op 2 april 1872.