Fan Batsum
| Fan Batsum | ||
| Byldmateriaal ûntbrekt | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| nasjonaliteit | ||
| sjongtaal | Frysk | |
| sjenre | Punk | |
| bestean | 1994 | |
| leden | ||
| Sang | Sjouke Havinga | |
| Gitaar | Kees Homsma | |
| Bas | Willem Talsma | |
| drums | Tjamme Valk | |
Fan Batsum is in Fryske punkgroep. De band waard oprjochte yn 1994 en spilet punkmuzyk mei Fryske teksten. Se besteane út fjouwer manlju: Tjamme Valk (slachreau), Willem Talsma (bas), Kees Homsma (gitaar) en Sjouke Havinga (sang).
Yn 1995 hawwe se in demo opnaam mei sân nûmers. Dy demo is oeral yn goeie ierde fallen en wie de basis foar de band. Troch it beskate súkses fan de demo is Fan Batsum op it Aaipopfestival foar it ljocht kaam en hawwe se mear troch Fryslân optreden. Yn 1999 kaam de band mei harren earste skyfke, Bats Bats en noch ris Bats. Dat skyfke is yn eigen behear opnaam en der steane 13 nûmers op. Ek hjir lit Fan Batsum harren eigen lûd hearre en sette de band mei hurde flotte en pakkende nûmers útein. Yn 2000 wie de band op toernee mei Wartall en Jitiizer wêrby't ferskate plakken oandien binne yn hiel Fryslân. Yn 2005 binne se begûn mei nije opnamen foar de CD Bûge as Batse en hawwe se mei 2005 in singel útbracht mei it nûmer Simmer. Simmer is in protte te hearren west op Omrop Fryslân. Yn maaie 2006 waard de CD útbrocht en krektas syn foargonger distribuearre troch Marista. Opnamen wiene yn de Sing Sing-studio yn Mitselwier en produsearre troch Jan Seunnenga (Pigmeat).
Letter hat Fan Batsum him sjen litten bij û.o. Mukkes Ljouwert mei Nakse Bananen, Aaipop, it Bolwurk yn Snits, Iduna yn Drachten en ferskate oare plakken.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bats, Bats en nochris Bats
- Bûge as Batse