Springe nei ynhâld

Fairbanks (Alaska)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fairbanks)
Fairbanks
Sintrum fan Fairbanks
Sintrum fan Fairbanks
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Alaska
Distrikt Fairbanks North Star
Sifers
Ynwennertal 31.535 (2010)
Oerflak 84,6 km²
Befolkingsticht. 379,7 / km²
Stêdekloft 51.926
Hichte 136 m
Oar
Tiidsône AKST (UTC-9)
Simmertiid AKDT (UTC-8)
Koördinaten
Offisjele webside
City Fairbanks
Lizzing fan Fairbanks yn Alaska

Fairbanks is in stêd (city) yn de Amerikaanske steat Alaska en teffens de haadstêd fan it distrikt (Borough) Fairbanks North Star. It is nei Anchorage de twadde stêd fan de steat

Fairbanks leit fier fan alles, yn de wyldernis, mar is oer ir spoar wol ferbûn mei ûnder oaren Anchorage. Dwers troch de stêd rint de rivier de Chena dy't súdlik fan de stêd útmûnet yn de Tanana.

Fairbanks hat in subarktysk klimaat mei lange, kâlde winters en koarte, waarme simmers. De measte delslach komt yn de simmer. Yn Fairbanks duorret de winter fan de lette septimber/iere oktober oant de lette april/iere maaie. De leechste temperatuer dy't dêr ea metten waard wie -54,4 °C.

Fairbanks húsmannet de Universiteit fan Alaska Fairbanks.

De stêd waard yn 1902 troch goudsikers út de Klondike stifte en nei Charles W. Fairbanks neamd, senator út Indiana, letter fisepresidint ûnder Theodore Roosevelt. Fairbanks waard rillegau de grutste stêd fan Alaska.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden dêr twa Amerikaanske legerbases ynrjochte, dêr't ien fan (Fort Wainwright) ek ûnder de Kâlde kriich foar in soad wurkplakken soarge, omdat Alaska frijwat tich by de Sovjet-Uny lei.

Tusken 1975 en 1977 waard út Fairbanks wei de oanlis fan de Trans-Alaska-Pipeline organisearre.

Winterpanorama Fairbanks

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]