Springe nei ynhâld

Fryske Stoomtrein Maatskippij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan FSM)
It trajekt

Under de namme Fryske Stoomtrein Maatskippij (FSM) soene nei 2010 toeristyske stoomtreinen ride tusken Snits en Starum.

Yn 2003 waard dêrom de Stifting Stoomtrein Fryslân (SSF) oprjochte. De stoomlokomotiven moasten doe noch oankocht wurde en ProRail moast inkele stasjons en it spoar oanpasse. It eartiidske stasjon Aldegea soe wer yn gebrûk nomd wurde. It trajekt Snits - Starum fan 28 km. is part fan it spoar Ljouwert - Starum.

De FSM wie sûnt maaie 2009 eigner fan it Nasjonaal Modelspoar Museum yn Snits.[1]

In juny 2009 waarden twa weinen Plan W (21-37 455 en 21-37 457) fan it Nederlands Spoorwegmuseum te Utert oerdroegen oan de FSM, dy't se nei it opmeitsjen ynsette woene op de stoomtreintsjinst tusken Snits en Starum.

De rjochtbank Ljouwert ferklearre op 9 novimber 2011 de Stichting Stoomtrein Fryslan fallyt, neidat de FStM op 2 novimber 2011 wrâldkundich makke hie dat fallisemint oanfrege wie. De eksploitaasje fan de stoomferbining tusken Snits en Starum hie de lêste jierren ferskate kearen opûnthâld hân. Dêrtroch wie de jildkrapte sa grut wurden dat der gjin oare útwyk mear mooglik wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Friesch Dagblad, 1 maaie 2009, "Friese stoomtrein maatschappij neemt museum over"