Frysk Kowestamboek

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan FRS)
Jump to navigation Jump to search

It Frysk Kowestamboek (FRS, Friesch Rundvee Stamboek) is in ynstelling dy't yn 1879 oprjochte waard om de kowefokkerij te befoarderjen en yn it bysûnder it Fryske koweras.

It oantal leden wie yn it topjier 1963 7300; dêrnei rûn it ledetal troch de skaalfergrutting yn de lânbou werom. Begjin 1975 wiene it 3600 (itselde as yn 1944). It oantal registrearre stiks fee wie per 1 novimber 1974 rom 174.000 (it dûbele fan 1947).

Yn it earstoan waard in soad omtinken jûn oan molkeproduksje, de syktebestriding (t.b.c. en abortus) en oan eksterieurmaten fan de kij, nei 1950 waard it ek aktyf yn ûnder oare it ûndersyk nei de fererving fan bollen (publikaasje fan produksjegemiddelden fan dochtergroepen fan bollen, wêrút yn 1956 in mem-dochterfergeliking folge), mei fan belang troch it wichtige plak dat bollen troch de keunstmjittige ynseminaasje yn de fokkerij ynnimme; fierders wie it FRS aktyf yn it bloedgroepeûnsdersyk, it ûndersyk nei it aaiwytgehalte yn de molke, de melkberheid (fanwegen de ynfiering fan de melkmasine) en by de krusingsproeven mei Amerikaansk-Kanadeesk fee. It helpboek is sluten per 1 april 1975.

Tegearre mei it Bûn fan K.Y.-ferienings joech it FRS it moanneblêd "De Friese Veefokkerij" út, stelde it in Foktechnyske Kommisje yn en rjochte de Stichting Spermasintrum op. Yn de mande mei it Bûn fan K.Y.-ferienings en de Molkkontrôle fersoarge it de administraasje fan it Fryske rundfee. Troch de gearwurking mei it Provinsjaal Administratyf Sintrum waard in folsleine meganisaasje hjirfan mooglik. Mei it Nederlands Rundvee Stamboek bestie in ferhâlding fan erkenning fan beide kanten. Ungefear 50% fan it Fryske fee is folbloed.

Fia it FRS waarden yn 1950-1952 efterinoar 2876, 4201 en 2410 stiks fee eksportearre; yn 1961 en 1962 respektivelik 5934 en 4319, yn 1973 en 1974 resp. 6620 en 1524.

Ynspekteurs wienen ûnder oare M. Offringa, J.J. van der Weide. H.A. Broersma en B.J. Bootsma.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: