Springe nei ynhâld

FFS (fuotbalklub)

Ut Wikipedy
FFS
Oprjochte12 maaie 1945
PlakVegelinsoard
SportkompleksSportpark Vegelinsoard
KompetysjeSneins fiifde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu
Webstee FFS
offisjele webside

FFS (Fuotbal Feriening Stobbegea) is de fuotbalferiening fan Vegelinsoard dy't oprjochte is op 11 maaie 1945. De klup spilet op it Sportpark Vegelinsoard oan de Grevenwei. It tenu fan de klup bestiet út in wyt shirt mei swarte diagonale streek, in swarte broek en sokken yn deselde kleur.

De earste wedstriden waarden spile yn de greiden fan de famylje Hoks, efter de pleats. Letter ferhuze FFS. nei de Welle, wer in greide efter in pleats. It tredde plak wie ek wer in greide. Yn dit fjild sieten frijwat "heuvels en dellings". As men efter it iene doel siet, dan koe men noch krekt de doellatte oan'e oare kant fan it fjild sjen. Alle sneonen wie it foar de klup hurd wurkjen om it fjild spylklear te krijen foar de sneins. Dong sykje (troch de wike wie it ommers gewoan greide) en krieten mei útluste kalk fan smidderij Wassenaar fan De Jouwer.

Yn 1967 krige FFS in "echt" fjild. By de ruilferkaveling waard it eardere trekgat tusken Ludze Holtrop en IJben tichtmakke en dit waard it Sportpark Vegelinsoard.

Fan 1967 ôf krige FFS ek in jeugdteam. Yn it begjin trainden de jonges allinnich mar. Letter waard ek dielnommen oan de kompetysje. Yn 1970 kaam dêr, ek noch in frouljusteam by.

By de komst fan it sportfjild waard, troch eigen leden, in tydlike klaaikeamer boud. Dit wie de helte fan in skuorke Yn 1969 kaam der in kreas klaaigebou. Yn 1979 waard dit klaaigebou ferfongen troch in folslein nije klaaikkommodaasje. Yn 1983 kaam der sels de earste kantine. It houten gebouke mei puntdak hat jierren tsjinst dien. Ein 1990-er jierren waard in âld klasselokaal kocht foar ƒ1,- en troch de leden sels omboud ta kantine.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: