FC Schalke 04

Ut Wikipedy
FC Schalke 04
Oprjochte 4 maaie 1904
Plak Gelsenkirchen
Stadion Veltins-Arena
Kapasiteit 61.673
Foarsitter Jens Buchta
Trener Michael Büskens
Kompetysje Bundesliga
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

FC Gelsenkirchen-Schalke 04 e.V. (koartwei FC Schalke 04) is in sportferiening út it stedsdiel Schalke yn Gelsenkirchen. De feriening hat 84.082 leden (stân 10 maaie 2010) en is de twadgrutste sportferiening fan Dútslân. De feriening waard op 4 maaie 1904 oprjochte.

Yn de feriening wurdt oan basketbal, tafeltennis, hânbal en atletyk dien. Lykwols is de feriening yn ’t foarste plak ferneamd om syn fuotbaltiim. Schalke spilet yn de Veltins-Arena, dêr’t 61.673 man yn kinne, 54.142 by ynternasjonale wedstriden.

It fuotbaltiim hat yn syn bestean de neikommende prizen wûn:

  • UEFA-Kup: 1997
  • UEFA-Yntertoto-Kup: 2003, 2004
  • Lânskampioen Dútslân: 1934, 1935, 1937, 1939, 1940, 1942, 1958
  • DFB-Pokal: 1937, 1972, 2001, 2002
  • DFL-Ligapokal: 2005
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory FC Schalke 04 fan Wikimedia Commons.