FC Emmen
Football Club Emmen | ||||||||||||||||
Oprjochte | 21 augustus 1925 | |||||||||||||||
Plak | Emmen | |||||||||||||||
Stadion | De Oude Meerdijk | |||||||||||||||
Kapasiteit | 8.600 | |||||||||||||||
Foarsitter | Ronald Lubbers | |||||||||||||||
Trener | Dick Lukkien | |||||||||||||||
Kompetysje | Earedifyzje | |||||||||||||||
|
FC Emmen is in Nederlânske fuotbalferiening út Emmen, dy't op 21 augustus 1925 oprjochte waard. It is de iennige profesjonele fuotbalferiening yn de provinsje Drinte. De klup spilet sûnt 1985 proffuotbal en spile sûnt dy tiid 33 seizoenen op rige yn de Earste difyzje. Yn it seizoen 2017/18 promovearre de klup foar it earst kear nei de Earedifyzje .
It tradisjonele kluptenu fan Emmen bestiet út in read shirt mei in fertikale brede wite bân yn 'e midden, wite broek en wite sokken mei reade stripen. Thúswedstriden wurde spile yn it stadion De Oude Meerdijk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klup waard oprjochte op 21 augustus 1925 troch Ginus Groothuis en William Swallow, [1] ûnder de namme Noordbarge Emmen Combinatie (NEC). De reden wie it ferdwinen fan alle trije lokale fuotbalferienings, in pear moanne earder. In jier nei de oprjochting gie de klup fierder ûnder de namme VV Emmen. Yn 1926 waard it Drentse Voetbalbond (dy't letter diel fan it KNVB waard) oprjochte. De Noordbarge Emmen Combinatie wie dêr ien fan 'e inisjatyfnimmers fan. De amateurklup wûn oant 1988 ferskate titels. It hichtepunt wie it winnen fan it lanlik kampioenskip fan de sneinsamateurs.
It betelle fuotbal yn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1955, in jier nei de ynfiering fan it betlle fuotbal, hie Emmen al de gelegenheid by de profs te kommen. By in gearkomste fan leden waard lykwols besletten dat net te dwaan. Nei't SC Drente yn 1971 út it betelle fuotbal wei sanearre waard, bleau der ferlet fan betelle fuotbal yn Drinte. Yn 1985 besleat Emmen, om de stap nei de Earste divyzje te meitsjen.
De earste trije jier bleau Emmen in feriening, mar yn 1988 waard in skieding makke tusken amateur- en profesjoneel fuotbal, wêrnei't it earste team fan VV Emmen yn de fjirde klasse yndield waard. De profesjonele klup hjitte fan dat momint ôf Stichting Betaald Voetbal Emmen. Yn maaie 2005 waard de namme feroare yn FC Emmen.
Stabiliteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Earste Difyzje ûntwikkele Emmen him nei inkele jierren ta in sportyf stabile ploech, dy't de neikompetysje geregeld helle. Yn it fyfde seizoen slagge dat foar it earst en Emmen kaam direkt tichteby promoasje. Yn de finale tsjin SC Hearrenfean en dêrnei yn de werkânsing tsjin NEC ferlear Emmen lykwols.
Sûnt Emmen it betelle fuotbal yn gie, drige ferskate kearen in fallisemint. Yn 1987, 1992, 2005 en 2012 wie it spannend, mar Emmen oerlibbe altyd.
Promoasje nei de Earedifyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017/18 promovearre Emmen foar it earst nei de Earedifyzje. Yn de play-offs wûn Emmen earst fan NEC en dêrnei yn de finale fan Sparta Rotterdam.[2] It is foar it earst dat in klup út Drinte yn de Earedifyzje spilet.[3]
Emmen wûn syn debútwedstriid yn de Earedifyzje. Op besite by ADO De Haach wûnen se mei 1-2. Glenn Bijl makke de earste goal foar FC Emmen yn de Earedifyzje.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory FC Emmen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje edit source |
Ajax ·
AZ ·
SC Cambuur ·
Feyenoord ·
Fortuna Sittard ·
Go Ahead Eagles ·
FC Grins ·
SK It Hearrenfean ·
Heracles Almelo ·
N.E.C. ·
PEC Swol ·
PSV ·
RKC Waalwijk ·
Sparta Rotterdam ·
FC Utert ·
Vitesse ·
Willem II |