Springe nei ynhâld

Fédération Internationale de l'Automobile

Ut Wikipedy
Fédération Internationale de l'Automobile
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FIA
sport Autosport, motorsport
lân Ynternasjonaal
type Non-profit organisaasje
haadkantoor Parys
foarsitter Mohammed Ben Sulayem
oprjochte 20 juny 1904
fuortk. út Association Internationale des Automobile Clubs Reconnus (AIACR)
tal leden 240
olympysk komitee erkend yn 2013
offisjele webside
Webstee FIA
Temaside  Sport

De Fédération Internationale de l'Automobile (FIA; Ingelsk: International Automobile Federation) is in feriening dy 't op 20 juny 1904 oprjochte waard om de belangen fan automobylorganisaasjes en - brûkers te behertigjen. It is it bestjoersorgaan fan in soad autoraces, wêrûnder de Formule 1. De FIA befoarderet ek de ferkearsfeiligens oer de hiele wrâld.

De FIA, mei it haadkantoar op 8 Place de la Concorde yn Parys en kantoaren yn Genève en Valletta, bestiet út 246 lidorganisaasjes yn 145 lannen. De FIA is oer it algemien bekend ûnder syn Frânske namme of inisjalen, sels yn net-Frânsktalige lannen, mar wurdt soms ek skreaun as International Automobile Federation.

De wichtichste rol fan de FIA is it ferlienen fan lisinsjes en sanksjes foar de Formule 1, it Wrâldkampioenskip Rally, it Wrâldkampioenskip Endurance, it WK Toerweinen, it Wrâldkampioenskip Rallycross, Formule E en ferskate oare foarmen fan racen. De FIA sertifisearret tegearre mei de Fédération Internationale de Motocyclisme (FIM) ek it besykjen om lânsfaasjesrekôrs te fêstigjen. It Ynternasjonaal Olympysk Komitee hat de federaasje yn 2011 foarearst erkend en yn 2013 folslein erkend.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]