Everybody Knows This Is Nowhere
Everybody Knows This is Nowhere is it twadde solo-album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer Neil Young en it earste mei syn begeliedingsband Crazy Horse (earder: the Rockets).It album is útbrocht yn 1969, it selde jier wêryn ’t Neil Young foar it earst gearwurke mei Crosby, Stills & Nash.
Op it album steane sawol sêftere, melodieuzere ferskes as lûdere muzyk. De lieten “Cowgirl in the sand” en “Down by the river” duorje sa’n 9 oant 10 minuten en dêr sitte lange, rûge gitaarsoloos yn.
Tracklist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It album bestiet út de folgjende lieten.
- Cinemon Girl *****
- Everybody knows this is nowhere ****
- Round and Round ****
- Down by the river *****
- The loosing end ***
- Running dry (requiem for the Rockets) ****
- Cowgirl in the sand *****
De stjerren jouwe de beoardieling fan de lieten oan troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums per artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Neil Young - sjonger, gitaar
- Danny Whitten – gitaar, eftergrûn sang
- Ralph Molina - drums
- Billy Talbot - basgitaar
- Robin Lane – eftergrûn sang op "Round & Round"
- Bobby Notkoff – fioele op "Running Dry"
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Diskografy