Springe nei ynhâld

Jeropeeske Sintrale Bank

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Europeeske Sintrale Bank)
It gebou fan de Jeropeeske Sintrale Bank yn Frankfort.
Euroteken bûten it haadkantoar fan de JSB yn Frankfurt.

De Jeropeeske Sintrale Bank (JSB) is ien fan de wichtichste banken op 'e wrâld, ferantwurdlik foar monetêre wetjouwing foar de 19 lidsteaten fan de eurosône.

De JSB is op 1 juny 1998 oprjochte, mei it haadkantoar yn Frankfurt, Dútslân.

Struktuer en organisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De organisaasje fan de JSB is basearre op dat fan de Dútske Bundesbank en Landesbanken.

De JSB wurdt regearre troch in bestjoer fan direkteuren, mei oan it haad in presidint, en in bestjoerskolleezje, dat bestiet út leden fan it bestjoer fan direkteuren en fertsjinwurdigers fan lokale sintrale banken yn it Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken (JSSB).

It Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken is gearstald troch de Jeropeeske Sintrale Bank en de lokale sintrale banken fan de 28 lidsteaten fan de Jeropeeske Uny. Om dizze reden is it monetêre bewâld fan it Euro-gebiet/Eurosysteem in gearstalling fan de JSB en de bestjoeren fan nasjonale banken yn it Euro-gebiet.

It JSB en de bredere JSSB hawwe ta doel "it noedzjen fan ekonomyske stabiliteit" yn de euro-sône, om ûnder oaren de ynflaasje leech te hâlden. Op it stuit besykje se de ynflaasje leech te hâlden, mar wol om de 2% hinne.

Mei de doelstelling fan ekonomyske stabiliteit moat de bank it ekonomyske belied fan de Jeropeeske Uny stypje. Dat belied is der kaam om in heech nivo fan wurkgelegenheid en djoersume en net-ynflatoire ekonomyske groei te hoedzjen yn it ramt fan kêst 2 fan it Ferdrach fan de Jeropeeske Uny (ek wol it Ferdrach fan Maastricht).

De haadtaak fan de JSB is it tapassen fan monetêre wetjouwing foar it euro-gebiet, yn neifolging fan de doelen lykas hjirboppe beskreaun. De aktuele monetêre wetjouwing kin fûn wurde op it JSB-webstee.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory European Central Bank fan Wikimedia Commons.