Springe nei ynhâld

Ertsberch

Ut Wikipedy

De Ertsberch (Gunung Bijih) is in berch fan 3600 meter hichte op it eilân Nij-Guinee, yn de provinsje Papûa, it westlik diel dat oan Yndoneezje heart. De berch waard ûntdutsen troch Jean Jacques Dozy by de Carstensz-ekspedysje en hat in tige grut mannich kopererts, mei spoaren goud.

Yn 1973 sette it Amerikaanske mynboubedriuw Freeport út ein mei it dylgjen fan it erts. Yn 1988 wie de berch skraachwurk ôfgroeven. Dêrnei begûn Freeport mei de eksploitaasje fan tichteby lizzende Grasberch.