Erik-Jan Zürcher
Erik-Jan Zürcher (Leien, 15 maart 1953) is in Nederlânske heechlearaar Turkse talen en kultueren oan de Universiteit Leien.
Hy studearre Arabysk, Turksk en Nij-Perzysk en hat dêrnei Turksk en Nij-Perzysk dosearre oan de destiidske Katolike Universiteit Nymwegen. Yn 1984 promovearre hy op syn proefskrift The Unionist Factor. The Role of the Committee of Union and Progress in the Turkish National Movement (1905-1926).
Hy skreau it standertwurk Turkey. A Modern History dat troch himsels yn it Nederlânsk oersetten is as Een geschiedenis van het moderne Turkije) en ek yn it Turksk (Modernleşen Türkiye'nin Tarihi).
Yn juny 2005 krige Zürcher út hannen fan de Turkse ambassadeur Tacan Ildem de Medal of High Distinction, in hege Turkske ûnderskieding. Hy krige dy as blyk fan wurdearring foar syn wittenskiplike publikaasjes oer de Turskske skiednis.
Zürcher wie fan 1 april 2008 oant 2012 direkteur fan it Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis (IISG) yn Amsterdam.
Hy is de soan fan Erik Zürcher, âld-heechlearaar yn de skiednis fan East-Aazje oan de Ryksuniversiteit Leien.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (2004), Zürcher, Erik Jan en Heleen van der Linden, De Europese Unie, Turkije en de islam. Zoeken naar de breuklijn, Amsterdam (Amsterdam University Press), ISBN 90-5356-692-9, Wetenschappelijke Raad voor het Regeringsbeleid, Rapporten aan de regering, 69.
- Befettet ek: Zoeken naar de breuklijn. Een verkenning naar de rol van de Turkse islam in de toetreding van Turkije tot de Europese Unie in het licht van de "Botsing der Beschavingen".
- (1999), Arming the State. Military Conscription in the Middle East and Central Asia, Londen (I.B. Tauris), ISBN 1-86064-404-X
- (1998), Opkomst en ondergang van het "moderne" Turkije, Leien (Undersyksskoalle CNWS), ISBN 90-73782-99-6.
- Ynaugurele rede Ryksuniversiteit te Leien.
- (1993), Turkey. A Modern History, London, Londen (I.B. Tauris), ISBN 1-86064-958-0, (werprintinge 2004).
- yn it Nederlânsk ferskynd as Een geschiedenis van het moderne Turkije, Nymwegen (SUN útjouwerij) 1995, ISBN 90-6168-438-2, (werprintinge 2006).
- (1991), Political Opposition in the Early Turkish Republic. The Progressive Republican Party (1924-1925), Leien (Brill), ISBN 90-04-09341-9.
- (1984), The Unionist Factor. The Role of the Committee of Union and Progress in the Turkish National Movement (1905-1926), Leien (Brill), ISBN 90-04-07262-4.
- Proefskrift Leien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |