Springe nei ynhâld

Eremo delle Carceri

Ut Wikipedy
Eremo delle Carceri
Lokaasje
lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Umbrje
plak Assisi
koördinaten 43° 3' N 12° 39' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Fransiskanen en Klarissen
Webside
www.santuarioeremodellecarceri.org
Kaart
Eremo delle Carceri (Itaalje)
Eremo delle Carceri
Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 990
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000 (sessy 24)
gebiet 14.563,25 ha
buffersône 4.086,7 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It Eremo delle Carceri (Hermitaazje fan Carceri) is in lyts kleaster yn in steile kleau oan 'e Monte Subasio, Umbrje, Itaalje. It kleaster leit op in hichte fan 791 meter en fjouwer kilometer fan Assisi. De treppen en bôgen fan it lytse kleaster oerspanne in grot, it saneamde Duvelsgat. De namme Carceri ferwiist nei it Latynske wurd carceres, itjinge 'isolearre plak' of 'finzenis' betsjut.

Yn 'e grot mei dêrnjonken in lytse kapel socht de letter hillich ferklearre Fransiskus yn 'e 13e iuw de iensumens om dêr te bidden.

Nei alle gedachten krige Fransiskus om 1215 hinne de kapel en it plak fan 'e Benediktinen, tagelyk mei de Portiuncula yn 'e delling ûnder Assisi.

Ek letter mocht Fransiskus dêr graach wêze om de tiid yn gebed en meditaasje troch te bringen. By in stiennen brêge stiet noch de ikebeam, weryn't neffens de leginde de fûgels sieten te harkjen nei de preken fan Fransiskus.

Segel fan Bernardus fan Siena.

Om 1400 hinne liet Bernardinus fan Siena op it plak in lyts kleaster bouwe. Tagelyk waard de kapel útwreide ta in tsjerke mei de namme Santa Maria delle Carceri.

It kleaster wurdt tsjintwurdich troch Fransiskanen bewenne en is iepen foar minsken dy't in besite bringe wolle. Sûnt it jier 2000 is it kleaster ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Eremo delle Carceri