Enrico Fermi
Enrico Fermi (Rome, 29 septimber 1901 – Chicago, 28 novimber 1954) wie in Italjaansk natuerkundige.
Hy is it meast ferneamd fan syn wurk op it mêd fan bètaferfal, de ûntwikkeling fan de earste kearnreaktor (sjoch ek kearnsintrale) en de mei-ûntwikkeling fan de kwantumteory (Fermi's goudene regel). Him waard yn 1938 de Nobelpriis foar de Natuerkunde takend.
Fermi wie haad fan it team dat de earste kearnreaktor boude, wêryn de earste behearske nuklêre keatlingreaksje barde en wie ien fan de grutte mannen fan it Manhattanprojekt. fermioanen en it Fermi National Accelerator Laboratory (Fermilab) binne nei him neamd en fierder it elemint Fermium en de Fermi-Diracferdieling mei it Fermi-nivo. Yn 1956 waard de Enrico Fermi US Presidential Award ynsteld as oantinken fan syn libben en wurk. De ôfdieling oan de Universiteit fan Chicago dêr't hy wurke hat hjit tsjintwurdich it Enrico Fermi-Ynstitút.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fermi wie frijmitselder. Yn 1928 troude hy mei de joadske Laura Capon. Se krigen twa bern, in dochter en in soan dy't nei Fermi syn ferstoarne breoer neamd waard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Enrico Fermi fan Wikimedia Commons. |