Emingastate (Feinsum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Emingastins of Emingastate stie noard fan Feinsum yn de gemeente Ljouwerteradiel. Fan de stins is neat werom te finen. Ek ôfbylden en nammen fan bewenners binne ûnbekend.

Dr. Abma skriuwt dat tusken Feinsum en Hijum de lânhear “Sijds Emingen” wenne, it boujier fan de stins is ûnbekend. De stins is foar 1786 ôfbrutsen, want de “Tegenwoordige Staat van Friesland” meldet (oars ferkeard ûnder Hijum): Ook liggen hier de overblyfzels van het sterke Slot van Eminga, niet ver van Aebinga State. Weleer werden deeze Staten door twee haatdraagende zusters bewoond, welke een geweldigen kryg in deezen hoek veroorzaakten. Mooglik is dizze striid mei de oarsaak west fan it ferdwinen fan Emingastate yn kombinaasje mei it feit dat de measte lannen ûnder Hijum en Feinsum eigendom wienen fan it kleaster Mariëngaarde ûnder Hallum. Krektas de Aebinga’s hawwe ek de Eminga’s al frij gau dizze streek ferruile foar oarden dy't mear perspektyf joegen op it mêd fan (grut)grûnbesit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: