Emile Durkheim
Émile Durkheim (Épinal, 15 april 1858 – Parys, 15 novimber 1917) stie oan de basis fan de sosjology yn Europa, en wie benammen dwaande mei it probleem fan de sosjale koheezje, ien fan de haadfragen yn de sosjology. Durkheim besette yn 1896 de earste Frânske learstoel foar sosjology en pedagogyk yn Bordeaux. Sûnt 1902 wie Émile Durkheim heechlearaar oan de Sorbonne yn Parys.
Kollektyf bewustwêzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Émile Durkheim ûntwikkele de teory fan it kollektyf bewustwêzen, dat wol troch eltsenien selsstannich field wurdt, mar him as in aparte grutheid manifestearret. It hâlden en dragen fan yndividuen moat ferklearre wurde út de mienskip dêr't se ûnderdiel fan binne. Émile Durkheim beskreau it kollektyf bewustwêzen yn "Règles de la méthode sociologique" (1905).
Noarmen fan de omjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Émile Durkheim is de minsk bûn oan de noarmen fan de omjouwing, dêr't de minsk as sosjaal wêzen ta feroardiele is om yn te libjen. De sosjale feiten kinne akllinnich ferklearre wurde út oare sosjale feiten. De mienskip is net de som fan de yndividuen, mar is in realiteit mei in eigen libben. Émile Durkheim wie in foarstanner fan de objektive stúdzje fan de sosjale werklikheid mei help fan statistiken. Hy waard sterk beynfloede troch Auguste Comte.
Selsmoard as sosjaal ferskynsel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn boek oer selsmoard as sosjaal ferskynsel, "Le suicide" (1897), waard wrâldferneamd. Émile Durkheim skreau oer arbeidsferdieling yn "De la division du travail social" (1893).