Elizabeth fan Bruce (dochter fan Robert I)
Appearance
Elizabeth fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1317 | |
berteplak | Dunfermline? (Skotlân) | |
stjerdatum | 1364 | |
stjerplak | ? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk |
Elizabeth fan Bruce (Ingelsk: Elizabeth Bruce; Normandysk-Frânsk: Elizabeth de Brus; Dunfermline?, ±1317 – yn Skotlân, 1364) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elizabeth fan Bruce waard omtrint 1317 berne, mooglik yn it Keninklik Paleis fan Dunfermline, yn Fife, as de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem. Oer har is fierders suver neat bekend. Hja wie troud mei in ealman út 'e Clan Oliphant, dy't Walter Oliphant fan Aberdalgie hiet. Mei him krige hja trije soannen:
- Jan Oliphant fan Aberdalgie, ridder (13??-1417)
- Walter Oliphant fan Aberdalgie en Kellie (±1341-1411)
- Malcolm Oliphant fan Hazelhead (1348-1412)
Elizabeth stoar yn 1364, yn 'e âlderdom fan likernôch 47 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |