Elisabeth-Sophien-Koog
| Elisabeth-Sophien-Koog / Elisabeth-Sophien-Kuuch | ||
| Lokaasje fan Elisabeth-Sophien-Koog (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Amt | Nordsee-Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 56 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 5,18 km² | |
| Befolkingsticht. | 11 ynw./km² | |
| Hichte | 1 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1771 (ynpoldere) 1867 (as gemeente) | |
| Postkoade | 25845 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-nordsee-treene.de | ||
| Kaart | ||
Elisabeth-Sophien-Koog (Noardfrysk: Elisabeth-Sophien-Kuuch) is in plak en gemeente op it skiereilân Nordstrand yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Elisabeth-Sophien-Koog makket diel út fan it amt Nordsee-Treene en hat 56 ynwenners (2024).
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei minder as 70 ynwenners hat de gemeente neffens paragraaf 54 fan 'e Sleeswyk-Holsteinske gemeentewet gjin gemeenteried, mar in gemeentegearkomste dêr't alle stimberjochtige ynwenners oan meidwaan kinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ferneatigjende Burchardifloed fan 1634 krigen de Nederlânske dykbouwers Quirinus Indervelden en trije oare Hollanners yn 1652 in oktroai fan hartoch Freark III om de ûnderstrûpte polders op Nordstrand wer drûch te meitsjen. Hoewol't se polders oanleinen, rekken se troch lettere stoarmfloeden finansjeel sa oan reapsein, dat se harren besit oan 'e ynwenners ferkeapje moasten.
Yn 1768 krige de rike bankier Jean Henri Desmercières it rjocht om de polder op 'e nij yn te dykjen. Jean Henri Desmercières wie fan oarsprong in Frânske hugenoat dy't troch syn heit yn tsjinst kaam fan it Deenske hof. Syn heit wie Jean Henri Huguetan, in smoarrike Frânske bankier dy't út Frankryk flechte wie en troch de Deenske kening yn 'e adelstân ferheft waard as greve fan Gyldensteen. Desmercières liet in nije seedyk oanlizze en neamde de drûchmakke polder yn 1771 nei syn frou: de Elisabeth-Sophien-Koog (koog → keech, polder). De nije ynwenners krigen op grûn fan it âlde oktroai it rjocht op selsbestjoer.

De troch Desmercières boude dyk hold ek stân by de grutte stoarmfloed fan 1825. Troch de geunstige en feilige lizzing hie de polder folle minder ûnderhâldskosten as de rest fan it skiereilân. De polderbestjoerders woene dêrom polityk sjoen graach selsstannich bliuwe, sadat se net meibetelje haoechden oan 'e djoere dykreparaasjes fan de buorlju. In besykjen fan 'e gruttere buorgemeente Nordstrand yn 1895 om de Elisabeth-Sophien-Koog bestjoerlik te anneksearjen, waard dan ek troch it Kreisbestjoer yn Husum ôfwiisd. Earst yn 1957 sleat de polder him oan by it mienskiplike wetterskip fan Nordstrand foar it dykbehear, mar de polder is oant hjoed-de-dei noch altiten in folslein selsstannige politike gemeente bleaun.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
