Springe nei ynhâld

Elisabet fan Breunswyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Elisabet fan Brunswyk)

Elisabet fan Breunswyk1230 - 27 maaie 1266) wie in dochter fan de Welfyske hartoch Otto I fan Breunswyk. Hje boaske op 25 jannewaris 1252 te Breunswyk mei greve Willem II fan Hollân en de mem fan in jongstoarne dochter Machteld en fan greve Floaris V fan Hollân . Hje waard lykwols gjin fâld doe't Willem II by Heechwâld troch it iis sakke en troch de Westfriezen deade waard, mar de fâlddij waard hâlden troch de omkes fan Floaris: Willem en Otto, elekt fan it stift Utert .

Hje waard byset yn de Abdijtsjerke fan Middelboarch. Yn 1282 waard ek it lichem fan Willem II hjir byset, nei't er jierrenlang yn Heechwâld bedobbe woarn wie.