Springe nei ynhâld

Elektrokonvulsyterapy

Ut Wikipedy
In psychotron foar EKT

Elektrokonvulsyterapy (EKT), of ek wol oantsjut mei elektroshockterapy of yn 't koart elektroshock, is in behanneling fan pasjinten wêrby troch it opwekken fan in epileptysk ynsult (stûp, tafal), útlokke troch in streamstjit troch de holle, besocht wurdt sekere psychiatryske oandwanings te behanneljen. De wichtichste yndikaasje foar EKT is een slimme terapyresistinte depresje, dy't net ferholpen wurde kinne mei in psychofarmaka en psychoterapy.

In grut foardiel fan EKT is de flugge wurksemens fan de metoade yn tsjinstelling mei antydepressiva wêr't in pear wyke oerhinne gean kin. Trochsnee kriget de pasjint fiif oant tolve behannelings, om de dei ien. Yn gefal fan earnstige depresje mei de wierskynlikens fan selsmoard of een depresje mei in psychoaze kin EKT dêrom, bytiden, de earste kar yn de behanneling wêze. De wurking hâld sawat in jier oan.

Eartyds barde EKT sûnder narkoaze, mar tsjintwurdich wurdt de lêst foar de pasjint tige beheind troch it tatsjinjen fan narkoaze en spierferslopjende middels. Neitiid kin der in koartduorjende fermindering fan it ûnthâld wêze. By 30-40% fan de minsken giet it net oer.

Hoe't EKT krekt wurket is net bekend. Wol is út dierûndersyk bekend wurden dat it tal dopaminereseptoren tanimt yn de nucleus accumbens. Resint ûndersyk suggerearret ek dat it tal senuwselferbinings tanimt.

  • Kats, S., Bruijn, J.A., Blondeau, M.J.C.E. e.o. - Elektrokonvulsyterapy as twangbehanneling. Tydskrift foar Psychiatry, 45 (2003).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]