Springe nei ynhâld

Elbrûs

Ut Wikipedy
Foto fan de Elbrûs

De Elbrûs (Russysk: Эльбрус) is mei 5642 meter hichte de heechste berch fan Jeropa. De berch is in stratofulkaan en leit yn de Kaukasus, yn it súdwesten fan de autonome Russyske republyk Kabardo-Balkaarje, tichtby de grins mei Georgje en de autonome Russyske republyk Karatsjai-Tsjerkesje. De fulkaan, dy't sûnt goed 2.000 jier lyn ynslept is, wurdt yn it Balkaarsk, de taal fan de autochtone befolking, Mingi-Taû neamd.

De Kaukasus wurdt faak as de grins beskôge tusken Jeropa en Aazje. De Elbrûs leit sa'n 20 km noardlik fan de haadberchkaam fan de Kaukasus en heart dêrtroch by Jeropa. De berch hat twa piken en de betsjutting fan namme Elbrûs hâldt dan ek yn 'twá piken.

Yn de Klassike Aldheid wie de berch bekend ûnder de namme Strobilus. Neffens de Grykske mytology wie Prometeus yn dit berchtme oan de keatling lein.