Springe nei ynhâld

Eintracht Frankfurt

Ut Wikipedy
Eintracht Frankfurt
Oprjochte8 maart 1899
PlakFrankfurt
StadionDeutsche Bank Park
Kapasiteit59.500
FoarsitterMathias Beck
TrenerAlbert Riera
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu

Eintracht Frankfurt is in sportklup yn Frankfurt yn Dútslân. De klup waard stifte op 8 maart 1899, en nei in lange rige fan fúzjes, hjit de klup sûnt 1920 "Eintracht Frankfurt". Yn 1959 waard Eintracht kampioen fuotbaljen fan Dútslân.

Op 8 maart 1899 waard de "Frankfurter Fussball-Club Victoria von 1899" oprjochte troch leden fan "Frankfurter FC Germania 1894", de âldste klup fan Frankfurt. Troch de populariteit fan Germania kamen in tal leden net oan de bak en rjochten derom mar in nije klup op. Yn itselde jier waard ek de "Frankfurter Fussball-Club 1899" oprjochte dat yn 1900 fúzjonearre mei de "Frankfurter Kickers" de fuzjeklup naam de namme "Frankfurter FC 1899-Kickers" oan. Op 13 maaie 1911 fussearren de rivalen "Victoria" en "Kickers" oant "Frankfurter Fussballverein (Kickers-Victoria) von 1899". Yn 1920 folge in nije fúzje mei de "Frankfurter Turngemeinde 1861". De fúzjeklup hjitte no "Turn-und Sportgemeinde Eintracht Frankfurt von 1861". Yn 1927 moast de turnôfdieling him ûnder druk fan it Dútske turnbûn ôfsplitse, wêrtroch't der twa sportklups ûntstiene: "Turngemeinde Eintracht Frankfurt von 1861" en "Sportgemeinde Eintracht Frankfurt (F.F.V) von 1899".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE