Einlûdferskerping
Appearance
De einlûdferskerping is in fonologysk proses wêrby stimhawwende rûzers en ploffers oan 'e wurdein feroarje yn stimleaze.
Fonematysk | Fonetysk | Stavering | Meartal/ferlinge foarm |
---|---|---|---|
/wi:d/ | [wi:t] | wiid | wide |
/bli:d/ | [bli:t] | bliid | blide |
/krob/ | [krop] | krob | krobben |
/dra:v/ | [dra:f] | draaf | drave |
/hu:z/ | [hu:s] | hûs | hûzen |
/mu:z/ | [mu:s] | mûs | mûzen |
/la:ɣ/ | [la:x] | laach | lagen |
Yn dit oersicht wurde de rûzers wol stimleas wurde (f, s, x) mar de ploffers net (d, b).
- De ferlinge of meartalsfoarmen binne yn oerynstimming mei de útspraak (d, b, v, z, g).
- De net-ferlinge of meartalsfoarmen:
- draaf, hûs, mûs en laach hawwe de rûzers f, s, ch oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dêrby is it skriuwteken yn oerynstimming mei de fonetyske foarm;
- wiid, bliid en krob wurde skreaun mei de ploffers d en b oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dat is net yn oerienstimming mei de útspraak/fonetyske foarm.