Springe nei ynhâld

Eilard Attema

Ut Wikipedy
Eilard Attema

Eilard Jacobus Attema (Snits, 23 desimber 1818 - Drachten, 8 febrewaris 1886) wie in Fryske notaris en liberaal politikus.

Nei syn oplieding ta notaris wurke hy yn in tal notariskantoaren, oant hy yn 1848 notaris waard yn Drachten. Hy wie de soan fan in ofsier fan justysje. Oant syn oanstelling as notaris yn Drachten wie hy koart gemeenteriedslid yn Smellingerlân, de gemeente dêr’t Drachten ûnder falt, en yn 1875 waard hy foar it kiesdistrikt It Hearrenfean lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Yn 1884 mong Attema him yn de striid om de keamersitten - net allinich mei kandidaten fan anty-revolúsjonêre komôf, mar ek fan oare liberale streamingen. Foar de twa sitten dy’t beskikber wiene yn kiesdistrikt Dokkum, wienen der fjouwer liberale kandidaten, wêrûnder it sittende keamerlid Van Welderen Rengers - dat him weromluts úteinlik. Attema profilearre him ûnder mear troch te pleitsjen foar de ôfskaffing fan de sinsus, in belesting op kapitaal, foar de frijhannel en foar besunigingen. Uteinlik waard hy by de earste stimming keazen mei 1197 stimmen.

In soad gebrûk hat er net fan syn funksje meitsje kind. Yn syn Keamerlidmaatskip hat hy fiifkear sprutsen, wêrfan trije kear as rapporteur, ienkear as ferdigening fan de belangen fan de notarisoplieding en ienkear oer de bestriding fan longsykten by Frysk fee. Dêrneist wie hy foarsitter fan de Twadde Keamerkommisje foar de fersykskriften.

Sûnt 13 maart 1885 wenne hy al gjin gearkomst mear by fan de Keamer wegens sykte, en op 1 augustus naam hy ûntslach út de Keamer, Provinsjale Steaten en as foarsitter fan de Grutte Feanpolder yn Opsterlân en Smellingerlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: