Springe nei ynhâld

Buzz Aldrin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Edwin Aldrin)
"Buzz" Aldrin
Aldrin op de moanne

Edwin Eugene "Buzz" Aldrin, Jr. (Montclair, 20 jannewaris 1930) is in Amerikaansk âld-astronaut. Hy wie de twadde man dy't foet sette op de Moanne. Tegearre mei Neil Armstrong en Michael Collins gie Aldrin mei de Apollo 11-misje nei de moanne.

Aldrin helle in doktoraat oan it Massachusetts Institute of Technology mei it ûnderwerp "Guidance for Manned Orbital Rendezvous".

Mei om syn kennis fan de orbitale meganika waard hy yn 1963 troch de NASA selektearre as astronaut. Oant dat stuit wie hy gefjochtspiloat by de Amerikaanske loftmacht. Syn earste romteflecht wie yn 1966 mei de misje Gemini 12, in fjouwer dagen duorjende reis, tegearre mei Jim Lovell.

Doe't dúdlik waard dat Aldrin dielnimme soe oan de misje dy't as earste op de moanne lanje soe, hie hy efter de skermen in fûnleinige striid mei Neil Armstrong om de earste stap op de moanne sette te meien. De beslissing fan de NASA foel lykwols út yn syn neidiel.

Aldrin is in frijmitselder. Op syn reis nei de moanne naam hy in flagge fan de 33rd Degree Masonic Temple (Scottish Rite) yn Washington mei (mei it ôfbyld fan in tweakoppige earn en de tekst 'Supreme Council 33, Southern Jurisdiction USA'). Op de moanne fierde hy in koart frijmitseldersritueel út.

Neffens guons is de namme fan de Lunar Module dêr't Armstrong en Aldrin mei op de moanne lannen ('Eagle') dan ek net sûnder betsjutting.

Nei de earste moannelanning mei Apollo 11 naam Aldrin ûntslach by de NASA en yn 1971 waard hy beneamd as kommandant fan de Test Pilots School op Edwards Air Force Base.

Mei de sciencefictionskriuwer John Barnes skreau hy Encounter With Tiber en The Return.

Aldrin hat meardere konflikten hân mei Bart Sibrel, dy't miende dat de Apollo-astronauten alles yn sêne setten hiene. Aldrin waard troch Sibrel twongen om op de Bibel te swarren dat er op de moanne rûn hat. Doe't Aldrin dit wegere makke Sibrel him út foar leffert en in skelmer. Aldrin nom dit net en joech Sibrel in hou oan de kop. De plysje hat de saak ûndersocht, mar ûndernom gjin aksje tsjin Aldrin.

Aldrin hat trijeris troud west en is trije kear skieden. Hy hat trije bern.[1]

Nei't er werom kaam fan de Moannemissy waard er manysk-depressyf. Fyftjin jier lang wie er ek alkoholist. Hy waard better nei't er profesjonele help socht hie en er foar de tredde kea boaske wie. Yn 2007 joech er oan it tydskrift Time dat er koart lyn in facelift dien litten hie.

  • Edwin E. "Buzz" Aldrin & Wayne Warga, Return to Earth (1973) (earste offisjele autobiografie fan Buzz Aldrin)
  • Buzz Aldrin, Men From Earth (1997)
  • Buzz Aldrin, The Return (2000)
  • Buzz Aldrin & Wendell Minor, Reaching for the Moon (2008)(berneboek)
  • Buzz Aldrin, John Barnes & Arthur C. Clarke, Encounter with Tibet (1996) (sciencefiction)
  • Buzz Aldrin & John Barnes, The Return (2000) (sciencefiction)
  • Buzz Aldrin & Wendell Minor, Look to the Stars (2009) (berneboek)
  • Buzz Aldrin & Kayne Abraham, Magnificent Desolation, The Long Journey Home from the Moon (2009) (twadde offisjele autobiografie)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Buzz Aldrin fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Roberts, Roxanne and Argetsinger "Love, etc.: Buzz Aldrin divorces; Hugh Hefner gets revenge on ex" (June 16, 2011) The Washington Post