Edo van Tetterode
Edo van Tetterode | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edo van Tetterode | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 maaie 1929 | |
stoarn | 18 jannewaris 1996 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Akteur Byldzjend keunstner | |
bekendste wurk(en) |
Loeres 1 april grap 1962 |
Edo van Tetterode (3 maaie [1] 1929 - 18 jannewaris 1996) wie in akteur en ek in byldhouwer. Hy wie ien fan de Tetterodes, mar hy woe net yn it famyljebedriuw. Yn stee derfan waard er akteur. Sa wied er aktyf by de Nederlandse komedie. Lykwols, it bloed krûpt dêr't it net gean kin, en hy kaam docht te wurkjen by Tetterode Steen. Yn 1974 begûn er eigen saak yn Zandvoort. Hy hat dêr in protte gevelstiennen makke. Yn 1986 hat er foar de fermoarde Michael Poyé it byld Verdraagzaamheid makke, wat yn Hilfertsom stiet.
Loeres
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferneamd is ek de Loeres, in sabearre moai, dêr't er fan die as wie dy oanspield op it strând fan Zandfoort. De kranten skreaunen der oer; de NCRV joech der omtinken oan. Busfollen mei minsken kamen nei Zandvoort om te sjen, ear't er úteinlijk útlei dat it allegear in aprilgrap west hie.
Nei oanlieding fan dat sukses har er it Nasjonaal 1-april Genoatskip stifte, wat alle jierren in lytse ferzje van de Loeres útrikte oan de suksesfolste grap - Joke sei Van Tesselrode - fan it ôfrûne jier. It genoatskip hat dit dien oant er ferstoar yn 1996.
Op syn grêf yn Zandvoort stiet in lytse Loeres.
-
Verdraagzaamheid (Hilfertsom)
-
It grêf fan Van Tetterode
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |