Springe nei ynhâld

Edith fan Polesworth

Ut Wikipedy

De Hillige Edith fan Polesworth (mooglik † 15 maart 871) wie in obskuere Ingelske geastlike. Neffens guon boarnen wie hja de dochter fan kening Egbert fan Wesseks, in suster fan kening Atelwulf en in muoike fan Alfred de Grutte. Oare boarnen wolle lykwols hawwe dat hja in dochter wie fan Edwert de Aldere, wat betsjutte soe dat se yn 'e tsiende iuw libbe. Polesworth wie ien fan de twa stêden en goed yn Mercia dy't troch Atelwulf oan de H. Modwenna skonken waarden foar de bou fan kleasters. Edith waard dêr de earste abdis. De H. Atea wie ien fan de nonnen fan har kleaster. Har histoaryske identiteit is om jûn mei fraachtekens.

Dizze Edith mei net betieze wurde mei Edith fan Tamworth, dy't ek non yn Polesworth wie, mar dan yn de neikommende iuw. Har feestdei is op 15 maart.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Agnes Dunbar "A Dictionary of Saintly Women" (1904).