Ecodrome
| Ecodrome | ||
| Ecodrome (2007) | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Willemsvaart | |
| koördinaten | 52° 30' NB, 6° 04' EL | |
| bysûnderheden | ||
| type | Belibbingspark | |
| eigner | Libéma | |
| oerflak | 3 ha | |
| skiednis | ||
| iepening | 1990-er jierren | |
| sluting | 1 april 2012 | |
| gebou | ||
| sloopjier | 2024 | |
| kaart | ||
Ecodrome wie in belibbingspark yn de Oeriselske stêd Swol. Alles yn it park stie yn it teken fan natuer en kultuer. It park waard eksploitearre troch Libéma.
It paviljoen fan Ecodrome kaam fan de Floriade fan 1992 yn Zoetermeer. It paviljoen wie dêr yn gebrûk troch it Ministearje fan VROM as "Nasjonaal Miljeupaviljoen Ecodrome". Nei dy Floriade waard it foar in symboalysk bedrach fan ien gûne beskikber steld oan in gemeente dy 't der wat nuttichs mei dwaan koe. De gemeente Zwolle toande belangstelling en hat it inkelde jierren letter yn Swol pleatst en der in belibbingspark omhinne makke.
Ein novimber 2011 liet Ekodrome witte mei yngong fan 1 april 2012, yn de doetiidske opset, de doarren te sluten. Dit wie in direkt gefolch fan it feit dat de gemeente Zwolle earder dat jier besleat de subsydzje oan Expeditie Ecodrome yn te lûken. Yn oktober 2014 waard it terrein fan it Ecodrome ferkocht oan "Stichting Summercamp Heino". Op it Terrein fan Ecodrome is sûnt 2016 Dinoland Zwolle te finen. It opfallende paviljoen van Ecodrome waard yn maart 2024 ôfbrútsen.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Ferdivedaasjeparken yn Nederlân |
|---|
| Fryslân Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark |
| Nederlân Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld |
| Eardere ferdivedaasjeparken Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble |
