Stadion Oosterpark
Stadion Oosterpark Oosterparkstadion | ||
stadion | ||
Stadion Oosterpark | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
plak | Grins | |
algemiene ynformaasje | ||
sporten | Fuotbal | |
teams | GVAV (1934-1971) FC Grins (1971–2005) Oosterparkers (1951–1989) | |
kapasiteit | 21.000 | |
type oerflak | Gers, 105 x 68 meter | |
bou | ||
iepening | 1935 | |
sloopt | 2007 | |
kaart | ||
It Stadion Oosterpark yn de folksmûle ek wol Oosterparkstadion, wie in fuotbalstadion yn Grins en fan 1971 oant en mei 2005 it stadion fan fuotbalklub FC Grins.
It stadion hie in kapasiteit fan 12.500 sitplakken. Yn de tiid dat steanplakken noch tastien wiene, wie de kapasiteit goed 21.000. De earste wedstriid waard hjir spile op 3 febrewaris 1935 doe 't fuotbalklup GVAV, de foarrinner fan FC Grins, yn it noch net iens offisjeel iepene stadion spile tsjin Friesland en wûn mei 5 - 3.
Op 22 desimber 2005 hie de lêste wedstriid yn it stadion plak, nammentlik de bekerwedstriid FC Grins tsjin FC Volendam. De supporters makken in alderlêste tocht fan de Grote Markt yn Grins ôf mei fakkels en fjoerwurk. De wedstriid einige yn in 3 -4 oerwinning foar FC Grins en it lêste doelpunt yn it Oosterpark waard makke troch Glen Salmon.
Neidat it FC Grins it kompleks ferlitten hie foar it nije stadion waard yn 2007 it Oosterparkstadion ôfbrutsen. Hjoed-de-dei leit op it plak in wenwyk, op ien fan de muorren fan in appartmintekompleks is in mitselkeunstwurk makke yn de foarm fan in ôfbyld fan it eardere stadion [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|