Springe nei ynhâld

Easterfeart

Ut Wikipedy
De Easterfeart oan de eastkant fan Hylpen

Easterfeart (Hylpersk: Aesterfaart) is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't fan Hylpen nei it easten rint en by de N359 oanslút op de Dyksfeart en de Nije Feart.

De namme Aesterfaart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Oostervaart. Aest (sprek út as: aast) betsjut yn it Hylpersk: east.

De twaënheale kilometer lange Easterfeart is ornaris part fan de rûte fan de Alvestêdetocht.

Riders op de Easterfeart by de Alvestêdetocht fan 1954