Springe nei ynhâld

Eardere bibleteek (Bussum)

Ut Wikipedy
Eardere bibleteek Bussum

De eardere bibleteek fan Bussum stiet oan de Generaal de la Reylaan. It bouwurk waard yn 1913 boud nei it ûntwerp fan de arsjitekten Van der Goot en Cornelis Kruisweg. It waard ûntwurpen foar de funksje fan iepenbiere bibleteek, en is dêrmei ien fan de earste gebouwen yn Nederlân dat spesifyk foar dat doel boud waard.

It pân bestiet út in noard- en súdfleugel dy't ôfdekt wurde troch in sealdak, en in east- en westfleugel ôfdekt troch in skylddak mei piron, bedekt mei reade ferbettere Hollânske pannen. Op de krusing fan de fleugels is in achthoekige ljochtkoepel setten.

It gebou is erkend as ryksmonumint en wurdt tsjintwurdich brûkt as apteek.