Dyksfeart (Makkum-Warkum)
Appearance
(Trochferwiisd fan Dyksfeart (Warkum-Makkum))
De Dyksfeart is in alve kilometer lang kanaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn de provinsje Fryslân tusken Warkum en Makkum.
De Dyksfeart rint fan de Djippe Dolte yn Warkum yn noardlike rjochting lâns de Makkumerdyk nei de buorskip Doniabuorren. Westlik fan Ferwâlde is der ferbining mei de Djippert en is der ferbining mei de Gaaster Yndyk nei Wennebuorren. Yn noardwestlike rjochting giet de Dijkvaart nei Gaast oan de kust fan de Iselmar. Oan de eastkant is der ferbining mei de nije Gaaster Feart. De Dyksfeart rint yn noardlike rjochting lâns buorskip Koaihuzen naei it doarp Piaam. By Makkum giet de feart fierder as Lytse Sylroede.