Springe nei ynhâld

Drylts-Noard

Ut Wikipedy

Drylts-Noard (ek wol Nij-Drylts neamd), is in wenwyk yn Drylts. De wenwyk bestiet út trije dielen, dy't offisjeel gjin namme hawwe:

  • Stedsleane e.o., de stedsleane is haadstrjitte fan Drylts, eartiids de stasjonswei, rint sintraal troch de wyk,
  • De Julianastrjitte e.o., it eastlike diel,
  • Nijesyl, neamd nei it oanbuorjende doarp, it westlike diel.

De earste huzen oan de Stedsleane / Stasjonswei, waarden ûngefear sûnt 1910 boud, de lêste yn de jierren sechtich, bewesten de Stedsleane binne ek huzen boud yn de jierren 60. De Julianastrjitte e.o. is yn de jierren 60 beboud en bestiet benammen út sosjale wenningbou. Nijesyl is beboud yn de jierren 60/70 en bestiet út sosjale wenningbou, twa-ûnder-ien-kapwenningen en frijsteande wenningen.

Yn Drylts-Noard stiet it gemeentehûs, it treinstasjon, in multyfunksjoneel sintrum, in basisskoalle, in âldereinhûs en der binne inkele middenstanners.

It Mientlân, Wiiddraai en yndustryterrein Readhim binne aparte wenwiken dy't net by Drylts-Noard hearre.