Droege Dolte
Appearance
De Droege Dolte is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wetter rint oan de noardkant fan Warkum en stiet yn ferbining mei de Yskebuorrefeart.
Dolte komt fan dolle, grave krektas it Nederlânske Delft en Droege is in oanwizing foar ûndjip. Warkum wie eartiids gjin fersterke stêd mar der rûnen wol bûtengrêften omhinne: de Djippe Dolte en de Droege Dolte.
De namme Droege Dolte jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Drooge Dolte.