Springe nei ynhâld

Drintske Wyk

Ut Wikipedy

De Drintske Wyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De wyk rint yn it Mandefjild besuden de Bakkefeanster Dunen yn de rjochting fan Drinte.

In Wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart, faak om turf ôf te fieren. De namme Drintske Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Drentsche Wijk.